Renger - Fryske edysje




home | bestelle


Roman 'Renger' yn it Frysk


Sneon 26 novimber presintearret Nyk de Vries de Frysktalige ferzy fan syn roman ‘Renger’. Dat sil wêze op festival Explore the North yn Ljouwert yn de Friesche Club. It boek wurdt útjûn troch de Afûk. De yn Noardburgum berne skriuwer/muzikant sil yn syn memmetaal út de roman foardrage, dêr't er yn septimber de Piter Jelles Priis mei wûn. Dêrneist sil er yn it Frysk fragminten bringe út syn harkspul dat er makke foar Radio 1, basearre op it boek. Foar Nyk is de Fryske edysje fan 'Renger', dy't in jier lyn yn it Nederlâns ferskynde by De Arbeiderspers, net in oersetting: 'Hiele stikken út it boek ha ik earst yn it Frysk skreaun. Ik fyn it moai dat it boek der no is yn de taal dêr't it yn bard is.'


Presintaasje ‘Renger - Fryske edysje'
Sneon 26 novimber
Friesche Club, 17.30 oere
Ljouwert
http://explore-the-north.nl/act/nyk-de-vries-renger-presentatie-friese-editie


'Renger - Fryske edysje' is hjir te bestellen:
http://websjop.afuk.nl/renger-fryske-edysje

De Nederlânse ferzy en oar wurk is hjir te bestellen:
http://www.nykdev.nl/bestellen.htm



Omkafttekst

Jimme litte jim meinimme troch moaipraters, hearde ik ús heit foeterjen. Sy bringe jim de holle yn ûnstjoer. Jimme moatte each ha foar de normale dingen fan it libben.

De roman Renger giet yn belangrike mjitte oer it libben fan Nyk de Vries sels. Syn heit wie in sunige boufakker út de Fryske Wâlden, syn mem wie húsfrou. Op jonge leeftyd wie De Vries sjonger fan de punkrockformaasje The Amp. Ferlegen wie er boppedat, mar útbundich net minder. Yn Grins studearre er skiednis, by IKEA kenne se him as magazynmeiwurker en sûnt 2000 is Nyk de Vries skriuwer. Oer dit libben, oer it arbeiders-miljeu yn de Fryske Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden giet dizze roman. Mar Renger giet ek oer it feit dat der gewoanwei dingen binne dy’t net beneamd wurde kinne.

Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) is skriuwer en muzikant. Foar Renger krige er yn 2016 de Piter Jelles Priis. Foar syn humoristise ultrakoarte ferhalen wurdt er rûnom priizge.

Renger is een (deels) autobiografische familiegeschiedenis, een Bildungsroman en een road novel ineen. (Leeuwarder Courant)

Friezen moatte dit foaral lêze. In fantastys moai boek, hiel herkenber, en noch spannend ek. (Douwe Heeringa, Omrop Fryslân)


'Renger Fryske edysje' - Nyk de Vries
Afûk Utjouwerij
Roman | Paperback | 324 siden. | € 19,99
ISBN 9789492176370 | NUR 303

Illustratie: Tobias Schalken
Omslag: Monique Vogelsang



Klik hjir foar foarkant yn hege resoluusje.
Klik hjir foar auteursfoto yn hege resoluusje.


Aktuele data:
freed 25 nov - Bibliotheek Almelo - Almelo
sneon 26 nov - Explore the Norh - Ljouwert
tiisdei 29 nov - Literêre Dis - Skiermûntseach
freed 9 des - Noardewyn Live - Omrop Fryslân
tongersdei 22 des - Commanderij College - Gemert


Besjoch de agenda foar details en aktuele ynformaasje.












c nykdevries 2016


demomot
orman cd

Nyk de Vries - Renger - Fryske edysje