contact Website Nyk de Vries Dutch  
 

 

 
website Nyk de Vries
Frysk
 

 

 

 

 

biografy
Nyk de Vries is skriuwer en muzikant. Mei syn proazagedichten stiet er regelmjittich op 'e planken, gauris yn kombinaasje mei muzyk. Hij leit op dit stuit de lÍste h‚n oan it album 'Ik dook in een baai', de cd-fersy fan syn bundel 'Motorman'. De cd sil ķtkomme op it Excelsior-label.

***

Fan 2000 Űf skreau er twa romans, 'Rezineknyn' en 'Prospero', en 'Motorman & 39 oare proazagedichten', in bondel mei ultrakoarte ferhalen. Al syn fiksjewurk ferskynde yn de Fryske en de Nederl‚nse taal. 'Prospero' ferskynde as earste roman yn de rige 'Fryske Modernen'. Mei Meindert Talma skreau er it ynterviewboek 'De Blauwe Fedde yn petear', mei dÍryn de libbensferhalen fan 15 opmerklike Friezen. Yn april 2010 krige er it Belcampo Stipendium, de literêre priis fan de Provinsje Grins.

Karakteristyk op it poadium is syn yndringende foardracht. Al as net stipe troch muzyk stie er wyls op in ferskaat oan poadia, fan literatuer- en teaterfestivals as Wintertuin, Dichters in de Prinsentuin, Oerol en Noorderzon ta lŻdroftiger plakken as diskoteek Escape en it popsirkwy. Foar 2010 stiet er programmearre op Poetry International. As muzikant is er ferbŻn oan Meindert Talma & the Negroes. Yn Spanje makket er diel ķt fan Planeta Pato, in selsskip ķt Madrid by wa't er syn proazagedichten foardraacht yn it Spaans. Ynkoarten sil in part fan syn teksten publisearre wurde yn it renommearre Amerikaanse tiidskrift Words Without Borders.

Yn 2008 makke er foar it Vpro-programma Cantina it radioferhaal 'Wachten op Sumaisi' oer syn ferbliuw yn Malawi. Op dit stuit wurket er oan in nije bondel mei proazagedichten en oan boppeneamd album. Hy wurdt hjirby holpen troch Żnder mear Corneel Canters, mei wa't er tegearre spile yn de band Flux, en Fokke v/d Veen, gitarist fan syn earste band The Amp.

Nyk de Vries wennet en wurket yn Amsterdam. Hy is opgroeid yn Frysl‚n en wenne lange tiid yn Grins dÍr't er skiednis studearre.


proazagedichten
klik hjir foar it lêzen fan in tal proazagedichten





downloads
auteursfoto yn hege resoluusje (1,74 Mb): klik hjir
omkaft 'Motorman' yn hege resoluusje (1,79 Mb): klik hjir

(By it brûken fan de foto, graach namme fotograaf Reyer Boxem fermelde. Untwerp omkaft: Eduard Bezembinder)


links
myspace: www.myspace.com/nykdevries
facebook: www.facebook.com/nykdevries


kontakt
Nyk de Vries
Postbus 37778
1030 BJ Amsterdam
nyk@nykdev.nl